Ofspraken oer kokkels helpe

12 sep 2013 - 17:06

Ofspraken oer in bettere fersprieding fan de hânkokkelaars oer it Waad hawwe fertuten dien; de natuer wurdt sparre en de fiskers kinne noch hieltyd goed libje fan de fiskerij. Earder barde it wol dat der in soad skippen tagelyk op de bêste kokkelbanken leinen en dat soarge foar oerlêst. De skippen binne ek konkurrint foar de fûgels want dy ite de kokkels. It ministearje fan Ekonomyske Saken, de natuerbeskermers, de fiskers sels en de provinsje ha om tafel sitten. De konklúzje is dat de ôfspraken dy't makke binne goed wurkje.

Trefwurden: 
kokkels
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)