Wynferkeap op djiptepunt

De wynferkeap hat yn 20 jier tiid noch nea sa min west as no. Troch de aksynsferheging fan begjin dit jier keapje minsken minder wyn, of kieze in goedkeapere flesse as alternatyf. Ek geane in soad minsken dy't yn grinsprovinsjes wenje nei Dútslân ta om harren fleske wyn te heljen.
Ek Fryske wynhannelers fernimme dat it minder giet. Troch skerper yn te keapjen of oare soarten dranken oan te bieden, hoopje de hannelers sa min mooglik ynkomsten te ferliezen.