Frou ferwûne by Waskemar

Ambulânse © ANP
In 26-jierrige frou út Drachten is tongersdeitemoarn yn Waskemar ferwûne rekke by in oanriding. De frou ried op de Compagnonswei rjochting Haulerwyk, mar ferlear yn in bocht de macht oer it stjoer. Fia de berm kaam de auto op de ferkearde helte fan de dyk en botste dêr frontaal op in oare auto dy't bestjoerd waard troch in 20-jierrige man út Haulerwyk. Beide auto's rekken swier skansearre, de frou is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.