'Sa goed as wis kar foar JSF'

12 sep 2013 - 15:37

It fernijen fan de atoombommen op fleanbasis Volkel bestjut dat it frijwol wis is dat Nederlân kiest foar de JSF. Dat sei definsjesaakkundige Rob de Wijk tongersdei yn it Radio 1-programma "Dit is dag". It kabinet soe yn it geheim mei de Feriene Steaten ôfpraten hawwe om de atoombommen fan in update te foarsjen en de geheime stikken deroer binne yn hannen kaam fan televyzjeprogramma Brandpunt.

De JSF is it ienige tastel dat atoomwapens brûke kin. Dêrom is it no sa goed as wis dat de JSF de ferfanger wurdt fan de F16.

Neffens De Wijk is it gjin ferrassing dat de atoomwapens fernijd wurde moatte, om't de hjoeddeiske wapens eins ôfskreaun binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)