Tekoart Drachtsterfeartprojekt

12 sep 2013 - 15:22
  • Drachtsterfeartprojekt

De gemeente Smellingerlân hat in finansjele tsjinfaller fan in heal miljoen euro op it Drachtsterfeartprojekt. It giet om in rinteleaze liening dy't enerzjybedriuw Nuon ynlutsen hat. It bedriuw hie it jild earder beskiber steld foar enerzjybesparjende projekten yn de wenwyk dy't der byboud wurdt. De gemeente Smellingerlân wol gau wer om tafel mei Nuon om te sjen hoe't it bedriuw dochs belutsen wurde kin by it Drachtsterfeartprojekt. It tekoart wol de gemeente betelje út de reserves.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)