Ein driget foar Weekkrant

25 jan 2012 - 10:56
  • deweekkrant.nl

It fergese hûs-oan-hûs blêd Weekkrant Fryslân ferdwynt mooglik. Utjouwer Wegener tinkt dêr oer nei, ûnder druk fan de Britse eigner Mecom. Dy wol mear jild fertsjinje mei it útjaan fan kranten.

Om dy reden binne al fyftjin kranten ferdwûn, oer nochris 65 wurdt neitocht, Weekkrant Fryslân is dêr ien fan. Wegener jout yn Nederân mear as 200 hûs-oan-hûs blêden út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)