'Sjen nei feilichheid by boat'

12 sep 2013 - 14:12

Rederij Doeksen sil nochris goed sjen nei de feilichheidsmaatregels. Oanlieding is it ûngelok tongersdei by de fearboat op Flylân. Dêrby is in frou fan 72 jier út it Dútske Hofheim om it libben kaam. De frou kaam mei hege snelheid mei har auto oanriden en kaam tusken de brêge en de fearboat yn it wetter telâne. De fearboat wie doe al los fan de kade. De stopljochten stiene op read en de brêge wie omheech draaid. Dochs koe de frou op de brêge komme om't der gjin stek foar stiet. Doeksen sil de sitewaasje op 'e nij besjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)