Oplieding ta fierljeptrainer

12 sep 2013 - 12:58

In nije oplieding foar fierljeptrainers moat derfoar soargje dat mear bern kieze foar de fierljepsport. De kursus in inisjatyf fan it CIOS. Dat begûn earder al mei in oplieding ta keatstrainer en dat smiet it keatsbûn KNKB in soad nije jeugdleden op. It idee ûntstie doe't de provinsje oanjoech dat it Fryske sporten mear stimulearje wol. Sân CIOS-studenten binne tongersdei oan de oplieding begûn. Sa't it no liket, kinne dy takom jier allegear as trainer oan de slach. Der is neffens it CIOS en it fierljepbûn grut ferlet fan nije trainers.

Trefwurden: 
trainer fierljeppen oplieding
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)