Utnaaid nei botsing

25 jan 2012 - 10:43

In bromfytser (20) út Kollumersweach is tiisdeitejûn útnaaid, nei't er belutsen wie by in ûngelok. In automobilist (21) út itselde plak botste op de Foarwei mei de brommerrider. Neffens de bestjoerder hie de brommer gjin ljocht oan. De bromfytser rekke út de tiid. De automobilist reanimearre him. Dy kaam by en naaide út, foar't de helptsjinsten kamen. De plysje skeakele de âlden yn om kontakt mei de jonge te krijen, mar dy wegere om him te melden. De plysje tinkt dat er ûnder ynfloed fan drank of drugs west hat en siket him noch op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)