Keatsfjild by Aldehou Ljouwert

12 sep 2013 - 10:08

Op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert wurdt dizze dagen hurd wurke om in keatsfjild te meitsjen. Sneon wurdt op it fjild de Aldehoupartij keatst. Omdat it de 100e edysje is, hat de organisearjende Ljouwerter feriening LKC Sonnenborgh betocht om de jubileumpartij ûnder de Aldehou te hâlden. Der wurdt no spesjaal in gersmatte dellein.

Earder dizze wike is al 400 kúb sân op it plein stoarten. Ek is drainaazje oanlein. Freed komt de gersmatte derop. Om it keatsfjild hinne wurdt in tribune boud. De organisaasje hoopt op sa'n 3.000 besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)