Deade by ûngelok wetter Flylân

12 sep 2013 - 08:31

By in ûngelok op Flylân is tongersdeitemoarn in frou fan 72 út it Dútske Hofheim om it libben kaam. De frou ried neffens tsjûgen mei hege snelheid de brêge nei de fearboat op. Nei alle gedachten woe de frou de boat noch helje, mar dy wie al los fan de kade. De auto fan de frou kaam tusken de wâl en de fearboat yn it wetter. De helptsjinsten rukten manmachtich út, mar koene neat mear foar it slachtoffer dwaan. De fearboat is mei fertraging fuortfearn.

Passazjiers en meiwurkers binne ûnderweis troch de plysje ûnderfrege en opfongen troch personiel fan Doeksen. Ek foar de meiwurkers is slachtofferhelp regele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)