Audiotoerapp foar Woudagemaal

11 sep 2013 - 16:41

It Woudagemaal hat in eigen audiotoerapp. De app foar de smartphone nimt de besiker mei lâns de wichtichste punten fan it Unesco wrâlderfgoed op 'e Lemmer. Neffens direkteur Hilda Boesjes-Beljon makket de audio de toer troch it gemaal krekt wat ynteraktiver. It jout de frijwilligers mear romte om har eigen ferhalen by it gemaal te fertellen. De app is beskikber yn acht talen en is geskikt foar iPhone en Android.

Trefwurden: 
app Woudagemaal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)