Wer baneferlies by Spaansen

Spaansen
By de Spaansen groep ferdwine 30 banen. Ek by de festiging yn Harns falle ûntslaggen, hoefolle is noch net krekt dúdlik. De problemen binne it gefolch fan de krisis yn de bou. By Spaansen wurde grûnstoffen foar de bou produsearre. Begjin dizze wike binne de meiwurkers op 'e hichte steld. By in eardere reorganisaasje by Spaansen binne ferline jier ek al 70 banen ferlern gien.