Wipe-uitje mei net fan Endemol

Rekreaasje-ûndernimmer Sjerp Jaarsma fan Aldemardum moat ophâlde mei al syn aktiviteiten mei de namme 'Wipe-Uitje'. Dat wol TV-produsint Endemol. Dy is eigener fan it auteursrjocht, it logo, de merknamme en oare rjochten fan en op it televyzjeprogramma 'Wipe-Out'. Yn dat programma kinne minsken jild winne troch oer in hindernisbaan hinne te gean. Jaarsma hat in bedriuw dat groepsaktiviteiten oanbiedt dy't basearre binne op dat tv-programma.
Endemol wol dat Jaarsma de namme oanpast.
Guon oare bedriuwen betelje Endemol om it konsept brûke te meien. As Jaarsma net om lyk wol, skeakelet Endemol in advokaat yn. Neffens de tv-produsint binne der sa'n 30 brieven de doar út gien nei bedriuwen dy't harren namme oanpasse moatte. Jaarsma is it dêr net mei iens, mar sil der mei oan de slach. Al wit er net rjocht hoe't er dat feroarje moat.