Nije soarchgroep foar âlderein

11 sep 2013 - 11:11

Fryslân hat in nije soarchgroep dy't him foaral rjochtsje wol op stipe foar âlderen. Doel fan Idesta út Stiens is om âlderen sa lang mooglik yn har eigen doarp wenje te litten. Se moatte ek deibesteging krije yn har eigen wenplak. Dêrfoar wurdt sa folle mooglik gearwurke mei besteande foarsjennings, lykas doarpshuzen. Idesta wol njonken thússoarch, ferpleechsoarch en deibesteging ek buerthelp jaan, mei help fan frijwilligers. De soarchgroep is erkend troch it ministearje fan Folkssûnens en is drok dwaande personiel te krijen.

Idesta wol yn 42 doarpen soarch leverje. De earste petearen binne al fierd mei Eksmoarre, Garyp en Twizel. Dêr moatte ek saneamde doarpshiemen boud wurde, in klustering fan oanpaste wenten by elkoar sadat âlderen sa lang mooglik yn eigen doarp wenje bliuwe kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)