FNP'er yn minsklike ketting

11 sep 2013 - 07:15
  • FNP
  • Strjitbyld yn Barcelona

Yn Kataloanië wurdt woansdei in minsklike ketting fan hûnderten kilometers makke. De ketting rint fan it uterste noarden nei it uterste suden fan Kataloanië. It is in evenemint om sjen te litten dat de Katalanen in eigen steat hawwe wolle.

Ferline jier wie der al in massademonstraasje mei itselde doel. Dêr diene doe oardel miljoen minsken oan mei. Sybren Posthumus fan it FNP sil woansdei meidwaan oan de ketting. Hy wol sa syn solidariteit toane.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)