Earder B&B yn Opsterlân

It wurdt yn Opsterlân folle makliker om in Bêd & Brochje te begjinnen. De gemeente wol de besteande regels oanpasse. Yn feite kinne aanst oeral yn de doarpen en yn it bûtengebiet keamers yn wenten, skuorren of oare gebouwen kommersjeel benut wurde troch partikulieren. Se moatte wol oan de easken foldwaan fan brânfeilichheid en hygiëne.
Fierder moat de B&B passe yn de omjouwing, moat de ûntsluting goed wêze en der moat op eigen terrein parkeargelegenheid wêze. Doel is om in ympuls te jaan oan it toerisme yn de gemeente.