Deadsoarsaak potfisk ûndúdlik

10 sep 2013 - 15:53
  • De potfisk op it strân fan Skylge

It bliuwt ûndúdlik wêr't de potfisk oan deagien is, dy't ein july op Skylge oanspielde. It jonge mantsje hie genôch iten binnenkrigen, mar op syn kop siet in ûntstekking mei djippe wûnen. Dit hat de Universiteit fan Utrecht hjoed bekend makke, sy hawwe it bist de ôfrûne wiken ûndersocht. By in earste ûndersyk waard al dúdlik dat it bist in part fan syn ûnderkaak miste.

De potfisk spielde op 30 july op it noardeasten fan Skylge oan en koe net mear rêden wurde. It bist waard dêrnei nei de haven fan Harns sleept en dêr oan de wâl brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)