Wethâlder Spanjer stapt op

Wethâlder Jort Spanjer fan Skylge leit syn funksje del. Syn posysje as wethâlder fan Pleatslik Belang waard dreech neidat de riedsfraksje fan syn part ferline wike splitste. Guus Schweigmann en Gossen Bos stapten derút. Allinnich fraksjefoarsitter Arie Doeksen bleau sitten.
De wethâlder lei ek ûnder fjoer omdat hy beskuldige waard fan yllegale praktiken. Neffens boargemaster Rob Bats wiene se op syk nei stipe foar it kolleezje. As offisjele reden foar syn opstappen jout Spanjer syn sûnens op.
De amtstermyn fan Spanjer rûn noch oant 1 april 2014. De gemeente siket sa gau mooglik in opfolger foar him.