Achterfolging Dokkum-Ljouwert

10 sep 2013 - 14:16

Op it Saailân yn Ljouwert is tiisdeitemiddei in auto klemriden troch in tal plysje-auto's. It gie hjir om in achterfolging dy't yn Dokkum begûn is. Neist de bestjoerder, in 19-jierrige Dokkumer, binne twa ynsittenden oanhâlden. De bestjoerder waard socht fanwege belutsenheid by in swiere mishanneling yn Dokkum it ôfrûne wykein. De passazjiers, Dokkumers fan 19 en 20 jier, mochten nei ferhoar wer nei hûs. De auto en it rydbewiis fan de bestjoerder binne ynnommen. Hy is foar ûndersyk ynsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)