De Jouwer krijt nij busstasjon

De Jouwer krijt in folslein nij busstasjon. De kommende jierren wurdt de hiele ferkearssituaasje by de grutte rotonde oanpakt. De bedoeling is dat dêrby ek de ferkearssituaasje op De Jouwer sels hielendal feroaret. Under oare it busferkear soarget foar in soad fertraging yn dat doarp.
Ferskate bushaltes oan it begjin fan it doarp wurde ûnderbrocht yn ien stasjon, sadat de ferkearstrochstreaming better wurdt. Mei-inoar ynvestearret de provinsje Fryslân in miljoen euro yn it projekt.
De gemeente De Fryske Marren wurdt de behearder fan it stasjon. Uterlik begjin 2017 moat alles klear wêze.