Iris Kroes sjongt titelsong

10 sep 2013 - 12:18

Sjongeres Iris Kroes sil de titelsong sjonge foar de nije film fan regisseur Steven de Jong. De film 'Stuk', nei in boek fan Judith Visser, giet oer in famke dat op skoalle pesten wurdt en hieltyd nuverder docht.

Iris Kroes sil self oan de titelsong meiskriuwe. Mar it is ek noch mooglik dat der keazen wurdt foar in cover fan in besteand nûmer. De haadrol yn 'e film wurdt spile troch de jong aktrise Jackie van Parijs.

Neffens Steven de Jong is der ek in rol weilein foar Rense Westra. Oft der ek noch oare Fryske akteurs meispylje sille, is noch bekend makke. Takom moanne begjinne de opnames fan de jeugdfilm, dy't yn 2014 yn de bioskoop te sjen wêze sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)