Sân oerfalfertochten oanhâlden

10 sep 2013 - 09:55

De plysje hat sân fertochten oanholden foar wapene oerfallen yn Ljouwert. Se binne allegear tusken de 16 en 19 jier en komme út de Fryske haadstêd. Fjouwer fertochten sitte noch fêst, de oare trije meie harren rjochtsaak thús ôfwachtsje. De groep hat tusken maart en juny 2013 û.o. in restaurant, in fideoteek, in blommewinkel en in snackbar oerfallen. Se diene dat yn wikseljende gearstalling en brûkten messen of fjoerwapens. It gong harren benammen om jild en sigaretten.

De plysje is wiis mei de oanhâldings, want de oerfallen hiene in grutte ympakt op de slachtoffers en de mienskip. Ien fan de slachtoffers is Emmy, sy hat al 22 jier in blommesaak oan de Bleeklaan. Mar it is net mear sa leuk as foar 30 maaie dit jier. Doe waard se oerfallen troch in 16-jierrige jonge út de buert. Dy naam úteinlik 60 euro mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)