Fuotbalfjilden wer frijjûn

Yn Tytsjerksteradiel kin sneon wer fuotballe wurde. Yn ferbân mei de droechte wiene de fjilden sûnt 26 augustus ferbean terrein. Alle wedstriiden fan ôfrûne wykein gienen dêrom net troch. Nei in ynspeksje hat de gemeente moandei tastimming jûn om fan sneon ôf wer te fuotbaljen op de fjilden.
Ek yn Skarsterlân en Dantumadiel binne de fjilden dan wer bespylber. Nei alle gedachten sille alle fjilden dit wykein wer frijjûn wurde.