Noed oer busferfier âlderein

25 jan 2012 - 09:31

It CDA op It Hearrenfean makket him soargen oer it iepenbier ferfier foar bysûndere doelgroepen. De gemeenteried hat it iepenbier ferfier foar dy groepen ôfskaft, mar neffens it CDA wurde benammen âlderein der no de dupe fan. It gewoane iepenbier ferfier is net tarikkend foar âlderein. It CDA seit dat guon âlde minsken mear as oardel kilometer rinne moatte nei in bushalte. Ek it ûntbrekken fan in bushalte by it sikehûs is lestich, om't minsken dan fier rinne moatte fan bygelyks it busstasjon ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)