Snackbareigener oerfallen

09 sep 2013 - 14:15

De plysje fan Ljouwert siket tsjûgen fan in strjitrôf dy't sneintenacht om sawat 12 oere west hat by in snackbar oan de Lieuwenburg yn de wyk Camminghabuorren. De 47-jierrige eigener fan de snackbar stapte doe nei bûten om guod yn de auto te setten. Hy waard oanfallen troch in man, dy't twa tassen pakte. Dêryn sieten in beurs, id-kaart, paspoart, rydbewiis en mobile telefoan.

Nei de oerfal draafde de man tegearre mei in oare man in park yn. Minsken dy't wat sjoen hawwe, wurdt frege harren te melden by de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)