Pilgrimsfytser berôve

09 sep 2013 - 14:07

De 65-jierrige Gerrit de Vries fan De Knipe is dit wykein berôve, wylst er yn syn tintsje op in natuerkemping by Stienwyk lei te sliepen. De Vries hat fjouwer moanne op pilgrims-fytstocht west troch Italië, Frankryk en Spanje. Hy wie dwaande mei de lêste etappe nei hûs. Hy hat ûnder oare yn pilgrimsoarden as Rome, Assisi, Lourdes en Santiago de Compostella west.

It slimste fynt De Vries dat er alle foto's en it krúske fan syn mem kwytrekke is. Syn fototastel en it oare weardefolle guod siet yn de stjoertas dy't de dieven meinaam hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)