5000e bunder ruile

09 sep 2013 - 11:30

Nei de oprjochting fan it 'Projektburo Kavelruil Fryslân' yn 2008 is no de 5000e bunder ruile. Dat wie yn it gebiet Jongema-Nijkleaster by Mantgum. Tolve boeren hawwe dêr lân mei-elkoar ruile. Dêrtroch hawwe se de grûn tichter by de pleats en giet der minder lânbouferkear troch de doarpen.

It buro begjint meikoarten yn de buert fan Ealsum mei "Ferkavelje troch Groei". Dat is in nije foarm fan frijwillige kavelruil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)