SUP'ers oankaam yn Prinsetún

De dielnimmers fan de SUP-alvestêdetocht kamen sneintemiddei oan by de finish yn de Prinsetún yn Ljouwert. Se wiene ferline wike woansdei fan start gien foar de tocht by de alve stêden del. Yn fiif dagen tiid hawwe se 220 kilometer steande op in surfplanke peddele. De sport wurdt ek wol 'stand up paddling' (SUP) neamd.
De measte dielnimmers diene solo mei, guon diene de tocht yn teamferbân. De SUP-alvestêdetocht wie dit jier foar de fyfde kear.