Oanhâlding foar mishanneling

09 sep 2013 - 06:29

De plysje hat in oanhâlding dien yn de swiere mishannelingssaak op It Hearrenfean. In 20-jierrige man út dat plak hat him snein sels melden en hy sit fêst. De man wurdt derfan fertocht dat er in 24-jierrige man út It Hearrenfean yn de nacht fan freed op sneon sûnder oanlieding yn it gesicht sloech. Dat barde oan de Alde Koemarkt.

It slachtoffer leit mei slimme ferwûnings yn it UMCG yn Grins. It gesicht fan it slachtoffer is stikken en hy hat harsenletsel. Syn tastân is wol stabyl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)