Goud en brûns Epke Zonderland

Epke Zonderland © ANP
Epke Zonderland hat snein yn it Hongaarske Szombathely goud en brûns wûn. Op de tastelfinales by de Grand Prix wedstriden wie er de bêste op syn favorite tastel de rekstôk. Hy helle in skoare fan 15.950 punten. Op brêge wie de Olympysk rekstôkkampioen goed foar it brûns.
De wedstriid yn Hongarije paste goed yn de tarieding op it wrâldkampioenskip yn Antwerpen. Dat WK is fan 30 septimber oant en mei 6 oktober.