Steenstra de bêste yn Marsum

De winners © Henk Bootsma
Tjisse Steenstra, Hendrik Bouwhuis en Daniël Iseger hawwe snein de trochinoarlotterspartij yn Marsum op harren namme skreaun. Yn de finale fersloech it trio it partoer fan Bauke Triemstra, Taeke Triemstra en Pier Piersma mei alles oan 'e hang. By in stân fan 5-5 en 6-6 pleatste Steenstra in sitbal yn it perk fan de Triemstra's en helle dêrmei de winst binnen.
De lytse preemje wie foar Gert-Anne van der Bos, Alle Jan Anema en Thomas van Zuiden, dy't yn de heale finale mei 5-4 en 6-4 ferlearen fan de bruorren Triemstra en Piersma.