Winst De Hoeve, LDODK en MF

08 sep 2013 - 16:40

De Fryske kuorbalstriid tusken SCO en Mid-Fryslân is mei 14-11 besljochte yn if foardiel fan de formaasje út Grou en Reduzum. By rêst stie de ploech fan trainer Arjan Kreeft mei 7-3 foar. Yn de twadde helte wist SCO him lykwols knap werom te fjochtsjen oant 9-8. Dêrnei naam Mid-Fryslân it inisjatyf wer oer.

LDODK wûn út by AWDTV mei 14-10. De Hoeve wist opnij te stunten tsjin HKV-Ons Eibernest. Op eigen fjild waard mei 18-15 wûn. By rêst stie der noch in 7-9 efterstân op it boerd. In goede twadde helte soarge foar de twadde winst op rige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)