FVC wint fan Alcides Meppel

08 sep 2013 - 16:10
  • FVC

FVC is de kompetysje snein úteinset mei in 2-1 oerwinning op Alcides. Op eigen fjild krigen de gasten út Meppel yn de begjinfaze de bêste kânsen op de iepeningstreffer. It wie lykwols René Hoen dy't de Ljouwerters yn 'e 38e minút op foarsprong sette.

Nei rêst wist keeper Niels Kuperus mei twa knappe rêdings de lykmakker foar te kommen. Nei de 2-0 fan Ruurd Algra koe it publyk ferromme sykhelje. Alcides mocht yn de slotminuten noch foar in earetreffer tekenje.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)