Militêr mislediget plysje

08 sep 2013 - 16:07

Yn Snits is sneontejûn in 23-jierrige jonge oanhâlden dêr't fan bliken die dat er militêr wie. De man siet mei oaren op in hierde bierfyts. Se soene neffens meldings dingen fernield hawwe. Doe't de plysje de bierfytsers dêrnei frege, misledige de 23-jierrige de plysje. Hy is oerdroegen oan de Maresjesee.

Letter dyselde nachts misledige in 16-jierrige Stienzer yn Ljouwert de plysje. Hy waard ek oanhâlden en moast de nacht trochbringe op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)