NK-winst Wester yn Droegeham

08 sep 2013 - 14:57

It Nederlânsk kampioenskip foar ienspannen dekhynsten Frysk ras is wûn troch Willem Wester fan Tsjerkgaast mei de hynst Maurits. Yn in spannende finale op it Konkoers Hippyk yn Droegeham krige Wester de foarkar fan de sjuery boppe Age Okkema fan Siegerswâld mei de hynst Thorben. It tredde plak wie foar Sybren Minkema mei Wierd.

Neffens Wester wienen de omstannichheden foar de hynders optimaal fanwege in noflike temperatuer yn kombinaasje mei in prachtich terrein. It reinwetter dat oerkaam koe dat lokkich net bedjerre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)