Undernimmersfûns yn Harns

08 sep 2013 - 14:06

Harns krijt in ûndernimmersfûns. De Harlinger Ondernemers Vereniging en Horeca Harlingen hawwe dêr de oanset ta jûn. It jild foar it fûns moat komme út reklamebelesting yn de binnenstêd fan Harns. De gemeente bart it jild en jout it ien op ien troch oan de nije stichting. De gemeente wurdt ek frege om in ekstra bydrage foar it fûns.

It fûns sil brûkt wurde foar mienskiplike aktiviteiten dy't no op frijwillige basis betelle troch in part fan de ûndernimmers.

Mei in ûndernimmersfûns draacht elke ûndernimmer by, sadat de bydrage leech bliuwe kin. Op tiisdei 10 septimber is der om 20.00 oere yn Trebol in ynformaasjebyienkomst oer it ûndernimmersfûns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)