'Risiko's evenemint ûnderskat'

Fryske gemeenten ûnderskatte de risiko's fan grutte evenminten. Sa wurdt faak te maklik tocht oer de groei fan in lyts evenemint mei in pear hûndert besikers nei in gruttenien mei in pear tûzen. Om de risiko's dy't by sa'n groei ûntstean kinne ûnder de oandacht te bringen wurdt it saneamde eveneminteteam fan de GHOR útwreide.
De GHOR, de Geneeskundige Hulpverlening Organisatie, jout gemeenten advys oer ûnder oare de ynset fan EHBO'ers en ambulânses.
Neffens Tsjitske de Bruin fan de GHOR hawwe der bûten Fryslân de ôfrûne jierren in tal ynsidenten west dy't de risiko's fan grutte eveneminten nochris ekstra sjen litte. Se tinkt dêrby bygelyks oan de Love Parade yn Dútslân yn 2010. Dêrby kamen 21 minsken om it libben doe't in grutte mannichte troch in tunnel woe.