Gitaren út tsjerke stellen

08 sep 2013 - 13:42

Ut in tsjerke oan Op de Keppels yn Dokkum is ôfrûne wykein in soad guod stellen. Der misse elektryske gitaren, mikrofoans, boksen, in mingpaneel en kabels. De ynbrekkers hawwe nei alle gedachten yn de nacht fan freed op sneon taslein.

In 52-jierrige ynwenster fan Mitselwier ûntduts sneontemiddei dat de doar fan it gebou iepenbrutsen wie. Se hat oanjefte dien út namme fan it tsjerkegenoatskip. De plysje hat de saak yn ûndersyk.

Trefwurden: 
ynbraak stellerij tsjerke
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)