Drugsman fersteurt rûnlieding

Plysje-embleem © ANP
Frijwilligers fan it busmuseum yn Ousterhaule kamen sneon foar in nuvere ferrassing te stean. Op in rûnlieding hearden se leven út ien fan de loadsen kommen. Dêr seagen se in man op it dak fan in kemper lizzen. Se bellen de plysje. Dy kaam del en stelde fêst dat de man ûnder ynfloed fan drugs wie. De man ferklearre dat er fûgelnestjes besjen woe yn de loads.
It plafond fan de loads en de kemper hiene skea oprûn troch aksje fan de man. Dêrom waard er oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo. It giet om in 26-jierrige Snitser.