Plysje siket tsjûgen It Fean

Geweld © Omrop Fryslân
De plysje siket mei spoed tsjûgen fan de swiere mishanneling fannacht op It Hearrenfean. In 24-jierrige man út It Hearrenfean leit mei slimme ferwûnings yn it UMCG yn Grins, neidat in ûnbekende man him sûnder oanlieding yn it gesicht sloech. Dat barde oan de Alde Koemarkt. It gesicht fan it slachtoffer is stikken en hy hat harsenletsel. Syn tastân is wol stabyl.
It wie drok op de Alde Koemarkt doe't it barde, dus de plysje giet derfan út dat mear minsken de mishanneling sjoen ha. De plysje ropt tsjûgen op harren te melden by de plysje.
Dat kin fia 0900 - 8844 of fia Meld Misdaad Anoniem.