Feanster (24) swier mishannele

Geweld © Omrop Fryslân
In 24-jierrige man út It Hearrenfean is yn de nacht fan sneon op snein swier mishannele yn it sintrum. De man is dêrby slim ferwûne rekke oan syn gesicht. Hy stie fannacht foar in kafee oan de Alde Koemarkt, doe't er sûnder oanlieding slein waard troch in ûnbekende man. De man naaide nei de klap út.
Doe't de plysje kaam, lei it slachtoffer út 'e tiid op 'e grûn. Hy is mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. Plysjes ha noch socht nei de dieder, mar sûnder resultaat. Der wurdt fierder ûndersyk dien.