De Jong no twadde yn WK stân

08 sep 2013 - 00:02
  • Jannick de Jong

Jannick de Jong is sneontejûn by de fiifde wedstriid op de wrâldtitel op de langbaan fjirde wurden. Yn it Dútske Vechta wûn de Gordykster gersbaanracer twa searjes, waard twa kear twadde en ien kear tredde. Yn de heale finale waard er ek twadde. De grutte finale waard wûn troch Richard Speiser, nei in twadde start, omdat de lieder Martin Smolinski ûnderút gongen wie. Smolinski en regearend wrâldkampioen Joonas Kylmäkorpi út Finlân hellen mei 23 wol de measte punten. De Jong koe 20 punten byskriuwe.

Dirk Fabriek kaam net fierder as de heale finale. Hy helle 11 punten, goed foar it njoggende plak. Theo Pijper waard trettjinde mei acht punten.

Kylmäkorpi begjint takom wike sneon yn it Frânske Morizes mei tweintich punten foarsprong oan de lêste wedstriid. De Fin hat 108 punten. Jannick de Jong is twadde mei 88 punten, de Tsjech Josef Franc tredde mei 84 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)