Sijbrandij wint yn Marsum

© ANP
Nynke Sijbrandij, Leonie van der Graaf en Geke de Boer hawwe sneon de lêste frouljuskeatspartij yn Marsum wûn. Yn de finale fan de trochinoarlotterspartij mei wie it trijetal mei 5-1 en 6-6 te sterk foar Joukje Kuperus, Feikje Bouwhuis en Manon Scheepstra.
Yn de striid om de tredde priis wiene Sanne Velsma, Sjoukje Visser en Bianca van der Veen mei 5-0 en 6-4 it partoer fan Nicole Hempenius, Mariska Hoogland en Anke Marije Pompstra de baas.