Harkemase Boys wint mei 2-0

Harkemase Boys is de nije kompetysje begûn mei in 2-0 oerwinning op DETO. Op sportpark De Bosk krigen beide ploegen yn de earste helte in tal goede kânsen mar doelpunten bleaune út. Sa wie Robin Huisman de Jong tichtby in treffer, mar syn skot gong foardel.
Nei de rêst wie it Heine Uuldriks dy't yn de 67e minút foar de iepeningstreffer tekene. Joram Smits soarge fuort dêrnei foar de einstân. De winst is in goed begjin foar de ploech fan trainer Willem Brouwer.