Publyk posityf oer KH2018

07 sep 2013 - 14:43

It nijs dat Ljouwert Europeeske Kulturele Haadstêd yn 2018 wurdt, falt goed yn en om Ljouwert. De minsken fine dat Ljouwert en Fryslân op de kaart set wurde troch it evenemint. Kulturele Haadstêd moat in feest foar alle Friezen en Nederlanners wurde, seit de organisaasje.

De titeltakenning waard freed bekend. Foar elk dy't belutsen wie by it binnenheljen fan de titel is it sneon in dei fan bekommen. No moatte de plannen útwurke wurde. De organisaasje hat al oanjûn dat se earst gas weromnimt om yn alle rêst nei te tinken oer de oanpak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)