Grutte brânwachtoefening

07 sep 2013 - 14:14

Fryske brânwachten rinne geregeld tsjin it probleem oan dat der te min bluswetter beskikber is. Faak moat it wetter oer in grutte ôfstân helle wurde. Dêrfoar moatte kilometers brânslang en brânspuitauto's mei-elkoar ferbûn wurde. Om dat te learen wurdt de kommende wike in grutte brânwachtoefening hâlden op De Jouwer.

Alle Fryske branwachtkorpsen komme yn aksje by de oefening mei de namme 'Grootschalig watertransport'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)