Ynbraak yn apoteek Hurdegaryp

07 sep 2013 - 11:58

De plysje hat sneontemoarn in 36-jierrige ynwenner fan Feanwâlden trapearre by in ynbraak yn de apoteek fan Hurdegaryp. In tsjûge seach dat de man in rút fan de apoteek ynsloech en dêrtroch klom. Op 112 waard fuortendaliks de plysje warskôge. Doe't dy kaam, seagen de plysjes fertochte rinnen. Hy siet ûnder it bloed en hie medisinen by him.

De man waard oanhâlden en meinaam nei it buro foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
ynbraak apoteek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)