Auto stellen yn Wolvegea

Plysje-embleem © ANP
In 33-jierrige ynwenner fan Wolvegea is freed mei help fan Boargernet oanhâlden op fertinking fan it stellen fan in auto. In 73-jierrige man út It Fean wie op besite by famylje yn de Lysterstrjitte. Om't er mar koart boadskip hie, die er de auto net op slot. Doe't er weromkaam, wie de auto fuort. Op 112 waard in Burgernetaksje starten en ien fan de dielnimmers seach de stellen auto yn de Frisostrjitte stean.
De plysje trof de 33-jierrige man yn de auto oan en hat him foar neier ûndersyk ynsletten. De auto is yn beslach naam foar ûndersyk.