Untslaggen by Hûs en Hiem
Wolstânskommisje Hûs en Hiem moat yngripend besunigje. Fanwegen de krisis krije gemeenten minder bou-oanfragen. Dat betsjut dat der ek minder faak advys oan Hûs en Hiem frege wurdt.
De wolstânskommisje giet fierder mei minder personiel. Der komt in lytsere fêste kearn fan meiwurkers dy't - as it moat - útwreide wurde kin mei eksterne adviseurs.